Liuwe H. Westra
Frysk predikant en oersetter / From Wikipedia, the free encyclopedia
Liuwe H. Westra (Tsjom,[1] 1 febrewaris 1966) is in literêr oersetter, predikant en universitêr ûndersiker op it mêd fan 'e klassike talen. Hy is benammen bekend wurden troch syn foarsitterskip fan 'e Ried fan de Fryske Beweging, mids 1990-er jierren, en troch syn oersetting yn it Frysk fan 'e trilogy The Lord of the Rings (ûnder titel Master fan Alle Ringen) fan 'e Ingelske fantasyskriuwer J.R.R. Tolkien.
Fluch de feiten
Liuwe H. Westra | ||
(Foto: Haye Bylstra, Tresoar) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1 febrewaris 1966 | |
berteplak | Tsjom (Fryslân) | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | predikant, universitêr ûndersiker | |
aktyf as | oersetter, frisiast, bestjoerder, publisist | |
jierren aktyf | 2001 – no (as oersetter) | |
reden bekendheid | ● foarsitterskip fan de RFB ● oersetter fan Tolkiens The Lord of the Rings yn it Frysk ● belutsenens by it WK Frysk damjen 2018 ● skriuwer fan in biografy fan Tony Feitsma | |
bekendste wurk(en) | It Selskip fan de Ring De Twa Tuorren | |
offisjele webside | ||
Westra syn YouTube-kanaal |
Slute
- Dizze side giet oer de predikant en oersetter. Foar de hurdfytser, sjoch: Lieuwe Westra.