It Selskip fan de Ring
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Selskip fan de Ring, yn it oarspronklike Ingelsk: The Fellowship of the Ring, is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Britske skriuwer en taalkundige J.R.R. Tolkien (1892-1973). Yn 'e mande mei De Twa Tuorren en De Kening Komt Wer makket it diel út fan 'e epyske trilogy Master fan Alle Ringen (The Lord of the Rings), dy't Tolkien syn wiidweidichste en bekendste wurk is. The Fellowship of the Ring, dat it earste diel fan 'e trilogy is, fertelt it ferhaal fan 'e hobbit of healmling Frodo Balsma (Ingelsk: Frodo Baggins), dy't troch beërf yn it besit komt fan 'e Iene Ring fan 'e dûnkere hear Sauron. Mei acht oaren ûndernimt er dan in gefaarlike kweeste om 'e ring werom te bringen nei de fjurren fan 'e Doemberch, yn it fiere en yslike lân Mordor, dat it iennichste plak is dêr't it nuodlike ding ferneatige wurde kin. De roman waard foar it earst publisearre yn 1954; yn 2001 kaam de populêre en bekroande ferfilming The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring fan regisseur Peter Jackson út. De Fryske oersetting fan it boek, fan 'e hân fan Liuwe Westra, is út 2011.
It Selskip fan de Ring | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | The Fellowship of the Ring | |
auteur | J.R.R. Tolkien | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 1954, Londen | |
oarspr. útjwr. | George Allen & Unwin | |
rige | ||
rige | The Lord of the Rings | |
● foarich diel | gjint (is 1ste diel) | |
● folgjend diel | The Two Towers | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | It Selskip fan de Ring | |
publikaasje | 2011, Ljouwert | |
útjouwer | Utjouwerij Frysk en Frij / Elikser | |
oersetter | dû. Liuwe H. Westra | |
ISBN oers. | 978-9 08 56 60 224 |