De Twa Tuorren
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Twa Tuorren, yn it oarspronklike Ingelsk: The Two Towers, is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Britske skriuwer en taalkundige J.R.R. Tolkien (1892-1973). Yn 'e mande mei It Selskip fan de Ring en De Kening Komt Wer makket it diel út fan 'e epyske trilogy Master fan Alle Ringen (The Lord of the Rings), dy't Tolkien syn wiidweidichste en bekendste wurk is. The Two Towers, it middelste diel fan 'e trilogy, fertelt it ferhaal fan 'e hobbit of healmling Frodo Balsma (Ingelsk: Frodo Baggins) en dy syn gefaarlike kweeste om 'e Iene Ring fan 'e dûnkere hear Sauron werom te bringen nei de fjurren fan 'e Doemberch, yn it fiere en yslike lân Mordor, om't dat it iennichste plak is dêr't it nuodlike ding ferneatige wurde kin. De roman waard foar it earst publisearre yn 1954; yn 2002 kaam de populêre en bekroande ferfilming The Lord of the Rings: The Two Towers fan regisseur Peter Jackson út. De Fryske oersetting fan it boek, fan 'e hân fan Liuwe Westra, ferskynde yn novimber 2016.
De Twa Tuorren | ||
(Omslachûntwerp troch R.P. Peters te Waaksens op basis fan fotokeunst troch Maartje Roos.) | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | The Two Towers | |
auteur | J.R.R. Tolkien | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 1954, Londen | |
oarspr. útjwr. | George Allen & Unwin | |
rige | ||
rige | The Lord of the Rings | |
● foarich diel | The Fellowship of the Ring | |
● folgjend diel | The Return of the King | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De Twa Tuorren | |
publikaasje | 2016, Lollum | |
útjouwer | Stifting Fryske Tolkien | |
oersetter | dû. Liuwe H. Westra | |
ISBN oers. | 978-9 08 25 87 104 |