Master fan Alle Ringen
From Wikipedia, the free encyclopedia
Master fan Alle Ringen, yn it oarspronklike Ingelsk: The Lord of the Rings (en yn 'e Nederlânske oersetting: In de Ban van de Ring), is in fantasy-trilogy fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Britske skriuwer en taalkundige J.R.R. Tolkien (1892-1973), dy't hjirmei grutdiels ferantwurdlik wie foar de fêstiging fan fantasy as in literêr sjenre. De dielen fan 'e trilogy waarden yn 1954 en 1955 foar it earst útjûn en binne in ferfolch foar in folwoeksen publyk op Tolkien syn eardere berneboek The Hobbit.
Master fan Alle Ringen | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | The Lord of the Rings | |
auteur | J.R.R. Tolkien | |
taal | Ingelsk | |
foarm | romantrilogy | |
sjenre | fantasy | |
skreaun | 1937-1949 | |
1e publikaasje | 1954-1955, Londen | |
oarspr. útjwr. | George Allen & Unwin | |
rige | ||
rige | Middle Earth-syklus | |
● foarich diel | The Hobbit | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Master fan Alle Ringen | |
publikaasje | 2011-20??, Ljouwert | |
útjouwer | Utjouwerij Frysk en Frij / Elikser | |
oersetter | dû. Liuwe H. Westra |
- The Lord of the Rings wiist troch nei dizze side. Foar oare betsjuttings fan dat begryp, sjoch: The Lord of the Rings (betsjuttingsside).
Yn 'e trije dielen, It Selskip fan de Ring (The Fellowship of the Ring), De Twa Tuorren (The Two Towers) en De Kening Komt Wer (The Return of the King), wurdt it ferhaal ferteld fan 'e hobbit of healmling Frodo Balsma (yn it Ingelsk: Frodo Baggins), dy't op in lange en gefaarlike kweeste giet nei it fiere lân Mordor, dêr't de dûnkere hear Sauron (de Master of Lord út 'e titel) regearret. Dêr moat er de Iene Ring, dy't it grutste part fan Sauron syn krêften befettet, ferneatigje troch him yn 'e fjurren fan 'e Doemberch te smiten, dêr't er lang lyn smeid waard.
Troch de jierren hinne is The Lord of the Rings ien fan 'e populêrste boeken ea wurden, dat in grutte en noch altiten merkbere ynfloed (hân) hat op fral fantasy, mar ek op oare literêre sjenres. Yn 2003 waard it troch it Britske publyk ta it bêste Ingelske boek ea keazen yn The Big Read-wedstryd, organisearre troch de BBC (foàr Jane Austen har Pride and Prejudice, dat op it twadde plak einige). It is mei mear as 150 miljoen ferkochte eksimplaren it op ien nei bestferkeapjende fiksjewurk op 'e wrâld en hat derfoar soarge dat it wurd "tolkienesk", as omskriuwing fan eat dat op Tolkien syn wurk liket of deroan tinken docht, yn withoefolle talen opnommen is. De oanhâldende populariteit fan it boek hat laat ta adaptaasjes foar in ferskaat oan oare media, wêrfan't de filmtrilogy fan regisseur Peter Jackson sûnder mis de bekendste is. Begjin 2013 wie The Lord of the Rings (hielendal of foar in part) oerset yn 49 talen; Liuwe Westra syn Fryske oersetting fan The Fellowship of the Ring waard útjûn yn 2011, en dy fan The Two Towers yn 2016.