Abe Lenstra

From Wikipedia, the free encyclopedia

Abe Lenstra (It Hearrenfean, 27 novimber 1920 - dêre, 2 septimber 1985), ek wol ús Abe, is in Fryske fuotballeginde. Lenstra wurdt wol sjoen as ien fan de bêste Nederlânske fuotballers fan alle tiden. Oer Lenstra binne tal fan ferhalen en sêgen ûntstean.

Quick facts: ...
Abe Lenstra
persoanlike bysûnderheden
nammeAbe Lenstra
bynammeUs Abe
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum27 novimber 1920
berteplakIt Hearrenfean
stjerdatum2 septimber 1985
stjerplakIt Hearrenfean
etnisiteit Frysk
klupskiednis
posysjeSpits
nasjonaal team
1940-1959Nederlân47 (33)
trainer by
1946-1947SK It Hearrenfean
Close
Stânbyld foar it Abe Lenstra Stadion.

Hy is ien fan de meast ferneamde Friezen fan alle tiden en is sadwaande ek opnaam yn de Kanon fan de Fryske skiednis.

Lenstra spile it meastepart fan syn karriêre foar FF It Hearrenfean, de klup dêr't letter SK It Hearrenfean út ûntstean soe. Letter spile hy foar Sportclub Enschede en Enschedese Boys. Ek hat hy yn it Nederlânsk alvetal spile.

Nei syn dea is it fuotbalstadion fan SK It Hearrenfean nei Lenstra ferneamd, it Abe Lenstra Stadion.